Leonid Brezjnev: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 12:
Under it bewâld fan Brezjnev waard stribbe nei konsolidaasje fan de Sowjetmacht yn binnen- en bûtenlân, wylst it stypjen fan de ekonomy op it twadde plak stie. Wol waard útein set mei it ûntsluten fan de gigantyske oalje- en gasfoarrieden fan [[West-Sibearje]]. Brezjnev fersterke it [[Reade Leger (Sowjet-Uny)|Reade Leger]] en wreide it Russyske [[romtefeart]]programma út. De troch Brezjnev yn novimber [[1968]], nei de ynfal fan it Russyske leger yn [[Tsjechoslowakije]], nei foaren brochte stelling, dat de Sowjet-Uny it rjocht hat yn te gripen yn de ûntwikkelingen yn in oar sosjalistysk lân, as de ferwurvenheden fan it sosjalisme yn gefaar komme, waard bekend as de [[Brezjnev-doktrine]].
 
Mei de [[Feriene Steaten|FS]] waard in rige ferdragenferdraggen sletten om [[wapenwedrin]] te ûntspannen, mar efter de skermen waard der troch de Sowjets allegeduerigen besocht mear ynfloed yn de wrâld te krijen, benammen yn Afrika, it [[Heine Easten]] en Aazje. Yn [[1979]] joech Brezjnev opdracht om it buorlân fan de Sowjet-Uny, [[Afganistan]] binnen te fallen doe't troch in wikseling fan it rezjym dat lân út de Russyske ynfloedsfear drige te ûntsnappen. De East-Jeropeeske lannen dy't efter it "[[Izeren Gerdyn]]" leinen waarden allyksa troch Brezjnev stevich oan 'e leie hâlden, sa as bliken die tidens it hurdhandich delslaan fan de "[[Praachske maitiid]]" yn [[Tsjechoslowakije]]. Ek waard op syn befel yn [[1980]] de rop fan de [[Poalen]] om mear frijheid troch de Poalske kommunistyske partij de kop yndrukt.
 
[[Ofbyld:Ford signing accord with Brehznev, November 24, 1974.jpg|thumb|left|280px|1974: Brezjnev en [[Gerald Ford|Ford]] slute in oerienkomst oangeande de beheining fan it tal kearnwapens]]