Wala fan Corbie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 2:
 
==Iere libben==
Wala fan Corbie wie de soan fan [[Bearn (Karolingen)|Bearn]], in ûnwettige soan fan [[Karel Martel]], en in [[Saksen (folk)|Saksyske]] frou. Wala krige syn ûnderrjocht op de skoalle oan it hof fan Karel de Grutte yn de [[Keningspalts]] fan [[Aken (stêd)|Aken]] mei syn broer [[Adalardus fan Corbie|Adalardus]]. Wala hie noch in oare broer: Bearn, en twa susters: Gundrada en Teodrada. It skynt dat Wala yn [[791]] meidie oan de rebûlje fan Karel de Grutte syn broer [[Pepyn miemei de Bult]]. Hy rekke yn ûngeunst by Karel en waard ferballe. Wala boaske mei Roslinde (''Rothlindis''), in dochter fan [[Willem fan Akwitaanje]]. Dy wie [[hartoch]] fan [[Akwitaanje]] en [[greve]] fan [[Toulouse]]. Mar al gau mocht Wala weromkomme oan it hof fan Karel de Grutte en syn rol waard nei de keizerskroaning fan Karel yn [[800]] noch grutter.<br>
Hy fersloech de Saksen en [[Sarasenen]]. Hy waard beneamd te greve fan Saksen en yn [[811]] waard er beneamd ta [[paltsgreve]]. Yn [[812]] waard er troch Karel tegearre mei syn broer Adalardus nei Itaalje stjoerd om riejouwer fan Karel syn soan, [[ûnderkening]] [[Bearn fan Itaalje]], te wurden.