Loataringen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 24:
Nei't Hindrik yn [[936]] ferstoar stapte Gilbert wer oer nei de Westfranken, om't de kening dêre, [[Rudolf fan Frankryk|Rudolf]], sêft wie en him net in soad mei pleatslike belangen bemuoide. Yn [[939]] foel Hindrik syn soan en opfolger, keizer [[Otto I de Grutte]] fan it [[Hillige Roomske Ryk]], Loataringen oan en by de [[Slach by Andernach]] fersloech er Gilbert. Gilbert besocht te flechtsjen, mar fersûpte wylst er de [[Ryn]] oerstekke soe.<br/>
De hartoggen fan Loataringen waarden tenei troch de keningen/keizers beneamd. [[Hindrik I fan Beieren]] waard hartoch foar twa jier, dy't yn [[941]] opfolge waard troch hartoch [[Otto fan Loataringen|Otto]] en dy yn [[944]] wer opfolge waard troch hartoch [[Koenraad de Reade]]. Loataringen waard omfoarme ta in [[stamhartochdom]], dêrfan't de hartoggen in stim hiene in keninklike ferkiezings. Wylst de oare stamhartochdommen folks- en histoaryske identiteiten hiene, wie dy fan Loataringen allinnich in politike.<br/>
Kening [[Loadewyk IV fan Frankryk|Loadewyk IV]] fan West-Frânsje besocht Loataringen werom te krijen en boaske miemei de widdo fan Gilbert en Otto syn suster, Gerberga. Op syn bart naam Otto yn [[942]] de hulde oan fan de Westfrankyske [[Hugo de Grutte]] en Herbert II, greve fan Vermandois yn [[Attigny (Ardennes)|Attigny]]. De swakke Loadewyk IV hie gjin oare kar as Otto syn hearskippij oer Loataringen te erkennen. Yn [[944]] foelen de Westfranken Loataringen yn, mar lutsen harren wer werom doe't Otto mei in grut leger ûnder lieding fan hartoch [[Herman I fan Swaben]] klear stie.
 
==Ferdieling fan 959 en neitiids==