Ferskil tusken ferzjes fan "Nêzjd"

L
st
L (st)
[[File:Tuwaiq_Escarpment-14h38m25s-k.jpg|left|250px|thumb|In útsicht út it westen wei op it steile Tûwaik-plato. Ar-Riaad leit krekt oer de kime.]]
 
It [[Arabysk]]e wurd ''nêdjd'' betsjut letterlik "heechlân", en histoarysk waard it brûkt foar ferskate kontreien op it [[Arabysk Skiereilân]]. Meitiid waard it lykwols wenst om it inkeld noch foar de krite yn 'e midden fan it skiereilân te brûken. Sa't de namme al oanjout is de Nêzjd in [[plato]] dat tusken de 762 en de 1.525 m boppe seenivo leit. Yn it easten is it gebiet fruchtberder en lizze in protte [[oäze]]n, mar de rest fan 'e kontrei is kleare [[woastyn]], dêr't fan âlds inkeld [[nomade|nomadyske]] [[bedoeïnen]] mei har [[kamiel]]en taholden. Yn it noarden, deunby Hayl, leit it [[Djebel Sjammar]]berchtme. It lân wurdt trochkrúst troch ferskate drûge [[rivier]]bêden of [[wady]]s, lykas de Wadi Hanifa by Ar-Riaad, de Wadi Na’am yn it súdensuden en de Wadi al-Rumah yn it noarden. De measte delsettings binne by sokke wadys lâns fêstige, om't dêr faak ûndergrûnske wetterfoarrieden te finen binne.
 
==Demografy==
11.721

bewurkings