Paulus VI (paus): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
Rigel 6:
[[File:Coat of Arms of Pope Paul VI.svg|thumb|left|100px|''Wapen fan paus Paulus VI'']]
[[File:Signature paolo vi editada.png|thumb|250px]]
Paulus VI stie bekend om syn otterdokske stânpunt oangeande de antikonsepsje en seksualiteit, dy't er benammen yn syn [[ensyklyk]] ''Humanæ vitæ'' fan 1968 útlei. Dêrby naam er skerp ôfstân fan de doe nije antikonsepsjepil. Hy wie ek de earste paus dy't foar it earst mei it fleantúch de wrâld troch reizge, besocht tal fan lannen, ûnder oaren it Hillige Lân, en gie yn petear mei lieders fan oare grutte kristlike Tsjerken, lykas de aartsbiskop fan Canterbury, Michael Ramsey (haad vanfan de [[Anglikaanske Tsjerke]]), en de patriarch vanfan Konstantinopel, Athenagoras (haad fan de [[Tsjerke fan Grikelân|Gryksk-Otterdokske Tsjerke]]).
 
Yn 1970 ûntkaam paus Paulus VI op de twadde dei fan syn lêste grutte reis troch [[Aazje]] oan in oanslach op it fleanfjild fan [[Manilla]] op de [[Filipinen]]. De as preester ferklaaide Boliviaan Benjamín Mendoza y Amor Flores besocht de paus mei in mes te deadzjen. De lettere Amerikaanske aartsbiskop Paul Marcinkus en syn sekretaris Pasquale Macchi wisten de paus foar slimmer te behoedzjen.