Jannes van der Wal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 28:
Van der Wal wie fjouwer kear Nederlânsk kampioen. Yn [[1982]] waard hy wrâldkampioen yn [[Brazylje]]. Hy is ek rekôrhâlder simultaandamjen mei 225 partijen, wêrfan hy 93% wûn.
 
Jannes van der Wal wie by it grutte publyk net allinne bekend fanwege syn damprestaasjes, mar ek troch meast humoristyske telefyzjeoptredens en syn eksentryk gedrach sawol efter it damboerd as yn it deistich libben. Sa miste hy ea in Nederlânsk kampioenskip omdat er yn 'e trein yn sliep fallen wie en dêrtroch in kearmennich tusken [[Swol]] en [[Grins (stêd)|Grins]] op en del ried. Ferneamd is syn optreden yn in show fan [[Mies Bouwman]]. Neidat hy wrâldkampioen wurden wie, waard hy dêr foar útnûge. Op de fraach hoe âld as hy wie, klapte van der Wal folslein ticht en bleau minutenlang stil. Hy soe letter yn tsientallen telefyzje programma's optrede. Ek naam er de [[karnaval|karnavalsplaat]] ''"Janus hou toch je kanus"'' op. In bekend sitaat fan vanVan der Wal is: ''Een dammer praat niet veel. Als hij naar de bakker gaat zegt hij bijvoorbeeld: "Eén brood."''
 
Omdat Jannes van der Wal him ergere oan it grutte tal remises by it damjen betocht hy in fariant, it saneamde [[trochdamjen]].