Frysktalige literatuer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 135:
By it proaza binne yn dit tiidrek in oantal wichtige feroaringen. De koarte ferhalen wurde fernimstiger opboud mei in goede plot en in protte aksje en by deromans sjocht men mear psychologyske ferdjipping, in oarsoartige tematyk as yn de boereroman, in minder tradisjonele opbou en mear ôfstân fan it faak idyllysk werjûne Fryslân fan foar de Twadde Wrâldkriich. As earste grutte moderne roman kin neamd wurde Anne Wadman syn debút ''Fioele en faem'' út 1948. Begjin jierren sechstich joegen twa romans in protte opskuor: ''De smearlappen'' fan Anne Wadman yn 1963 en ''Fabryk'' fan [[Trinus Riemersma]] yn [[1964]]. Reden wie dat dêryn op in ûntheisterjende manier en betreklik iepentlik oer seks skeaun waard.
 
Yn 1962 wie it debút fan [[Rink van der Velde]] (1932 – 2001) ''Joun healwei tolven'' is de earste roman dy’t him yn it bûtenlân ôfspilet. It leit yn ‘e reden dat der histoaryske romans skreaun waarden ferwiizjend nei de [[Twadde Wrâldkriich]]. Yn 1966 ferskynt it boek ''De fûke'' fan vanVan der Velde dat yn 2000 ferfilme waard troch [[Steven de Jong]].
 
Om 1970 hinne ûntstiene nije organisearre ferbannen yn it literêre fjild: de literêre tydskriften Trotwaer (1969) en as reaksje dêrop Hjir (1972). it Skriuwersboun (1969) en de Koperative Utjouwerij (1970).