Jan Bruin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf. fan nl:
L st
Rigel 30:
Jan Bruin debutearre yn it betelle fuotbal yn it seizoen 1991/1992 foar [[SK Cambuur Ljouwert]]. By dizze klup spile hy oant en mei [[1995]], dêr't twa jier fan yn de Earedifyzje. Nei Cambuur soe er fuotbalje by [[FK Swol]], ek in profklup dêr't er goed twa jier spyljen bleau. Fia [[FC Volendam]] kearde Bruin by Cambuur werom, dêr't er dêrnei noch 5 jier yn de oanfal stie. Nei dat tiidrek by Cambuur like hy ôfskreaun foar it betelle fuotbal, mar fuotbalklup Stormvolgels Telstar hie belangstelling foar him, dat hy koe yn [[2005]] by dizze klup tekenje.
 
En ek by Stormvogels Telstar liet er blike it skoaren noch net ferleard te hawwen. Op de ein fan it seizoen 2006/2007 makke hy bekend stopje te sillen, mar omdat er yn april 2007 al wer 16 kear trefseker west hie, kaam er op dy beslissing werom, tekene noch in jier by en bleau oant en mei de simmer vanfan [[2008]] fuotbaljen en stoppe doe foargoed mei it betelle fuotbal.
 
Jan Bruin wurdt beskôge as de bêste fuotballer fan [[It Amelân]]. Hy stiet bekend om syn iepenheid en positive wize fan omgong mei supporters. Bruin is sûnt it seizoen 2008/2009 wer by Cambuur werom, dêr't er him no dwaande hâldt mei de jongerein en wurket as kommersjeel meiwurker. Hy is ek jeugdtrainer by Cambuur. Fan 2013 ôf oan is er assistint-coach by it earste alfetal. Bruin wennet yn [[Tsjom]].