Ivan Pavlov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Ivan Pavlov (Nobel).png|thumb|''Ivan Pavlov'']]
'''Ivan Petrovitsj Pavlov''' ([[Russysk]]: Иван Петрович Павлов) ([[Rjazan]], [[14 septimber]] [[1849]] - [[Sint-Petersburch|Leningrad]], [[27 febrewaris]] [[1936]]) wie in [[Ruslân|Russysk]] [[fysiolooch]]. De [[Pavlovreaksje]] is nei him neamd.
Yn 1904 krige hy de [[Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde]]. Yn 1915 de [[Copley Medal]]. De Nobelpriis krige hy net foar de sa ferneamd wurden ûndersikings nei de kondisjonearring (de [[Pavlov-effekt|Pavlovreaksje]]), mar troch ûndersyk nei de [[spiisfertarring]]. As onderdeelpart vanfan dit onderzoekûndersyk woe hy de [[flibe]]produksje fan [[hûn]]en by it jaan fan ferskillende soarten fretten mjitte. Hjirby stuite hy lykwols op it ferskynsel dat de hûnen al flibe oanmakken noch foardat hy it fretten jûn hie, en sels as hy sûnder fretten sabeare die as't er se fuorre.
Pavlov ûndersocht dit ferskynsel fierder, troch bygelyks 5 sekonden foar it fuorjen in [[klok (bel)|bel]] rinkelje te litten. Nei in oantal kearen blykten de hûnen yndie by it rinkeljen fan de belle al flibe ôf te skieden. Dit hjit no kondysjonearre refleks, en it troch Pavlov ûntdekte ferskynsel hjit [[klassike kondysjonearring]]: as n prikel A (de belle) faker foarôfgiet oan prikkel B (it fuorjen) dat in bepaald gedrach (flibeproduksje) oplevert, dan sil op 'en doer prikel A al dat gedrach opleverje, ek sûnder prikel B. Om it ferskynsel fan de kondysjonearre refleks better te bestudearjen dienen Pavlov en syn studinten folle mear, systematyske eksperiminten.