Donald Trump: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Offisjeel portret tafoege. Twivelachtige ynformaasje (op it gebiet fan neutraliteit) nuansearre en ynhâld sa feitlik mooglik makke. Dêrby soe dizze side eins ek it presidintskip beskriuwe moatte, mar dat komt letter noch wolris
→‎Polityk: kopke oanmakke om aanst ûnderskied meitsje te kinnen tusken ferskate politike tema's
Rigel 40:
 
==Polityk==
 
=== Presidintsferkiezings 2016 ===
Op [[16 juny]] [[2015]] stelde Trump him foar de [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikeinske Partij]] kandidaat foar it [[Amerikaanske presidint]]skip. Yn 't earstoan wiene der net folle dy't syn kandidatuer serieus namen, mar hy wist freon en fijân te ferrassen mei de oanhing dy't er mei syn [[populisme|populistysk]] boadskip mank benammen [[konservatisme|konservative]] Amerikanen wist te winnen. Hy fersloech yn 'e Republikeinske [[foarferkiezing]]s û.m. de âld-[[gûverneur]] fan [[Floarida]] [[Jeb Bush]], de jonge [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino]]-[[politikus]] [[Marco Rubio]] en de [[kristendom|kristlik]]-[[fûnemintalisme|fûnemintalistyske]] [[senator]] [[Ted Cruz]]. Dat died er troch syn tsjinstanners [[skellen|kwetsende bynammen]] te jaan en op oare net-ynhâldlike manearen lytsman te meitsjen (lykas doe't er op folslein ûnfeitlike basis úthold dat de heit fan Ted Cruz belutsen west hie by de [[moard]] op presidint [[John F. Kennedy]]). Om't er mei sok dwaan de fêstige oarder fan 'e Republikeinske Partij folslein fan him ferfrjemde, hie Trump der klauwen oan om 'e [[politike partij|partij]] wer op ien line te krijen nei't er op [[19 juny]] [[2016]] op 'e [[Republikeinske Nasjonale Konvinsje]] yn [[Cleveland (Ohio)]] nominearre wie as de offisjele presidintskandidaat fan 'e Republikeinen. Foar in oansjenlik part slagge him dat ek net, en in grut diel fan 'e partij wegere om Trump syn [[politike kampanje|kampanje]] te stypjen of sels om foar him te stimmen, eat dat noch nea earder foarkommen wie yn 'e Amerikaanske politike skiednis. As syn [[fise-presidint]]skandidaat keas Trump [[Mike Pence]] út, de uterst konservative [[gûverneur]] fan [[Indiana]].
[[Ofbyld:Donald Trump and wife Melania.jpg|thumb|left|250px|Donald Trump mei syn frou [[Melania Trump]].]]