It Súd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ kou
No edit summary
Rigel 1:
[[File:It Súd.jpg|thumb|It Súd oan de dyk fan Drachten nei [[Beetstersweach]]]]
'''It Súd''' is in buorskip oan de súdkant fan [[Drachten]] by [[Olterterp]] yn de gemeente [[Smellingerlân]]. De namme komt ek foar as ''Zuidereind'' en '' 't Zuyd End''. Eastlik leit de [[Suderheide (Drachten)|Suderheide]]
 
== Skiednis ==
De buorskip ûntstie yn de 17e iuw. Om 1700 komt er foar as ''t Zuyd End'', yn 1776 as ''Het Zuid'', yn 1843 as '''t Zuidend'' en yn 1853 as ''Zuidereind''. Yn de 18e iuw wie it Suderein in dearinnend paad en in iuw letter in dearinnende wei. Yn 1854 waard de wei trochlutsen oer [[Olterterp]] nei [[Beetstersweach]] en waard er part fan de wei fan Drachten oer de [[Gordyk]] nei [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]].
 
De buorskip krige doe in [[tolhûs]]. Der waard oant 1929 tol heft. Yn 1887 waard der in [[tram]]spoar njonken de dyk oanlein, part fan de tramwei fan Drachten nei It Hearrenfean. De tram ried oant koart nei de [[Twadde Wrâldoarloch]]. Yn 1942 waard de wei dêr't de buorskip oan leit omneamd fan ''Zuidereind'' nei ''Het Zuid'', It Súd. Op 3 febrewaris 1945 waard de tram op It Súd besketten troch in [[Alliearden|alliearde]] jachtfleanmasine. Sân minsken ferlearen it libben en der rekken in protte ferwûne<ref>Drachtster Krante, 13 maaie 2020, ''Drama uit de vergetelheid''</ref>.
 
It Súd hat ûnder mear in túnsintrum en it hospice Smelnehaven.
Rigel 17:
{{Boarnen|boarnefernijing=
*{{Aut|[[Karel F. Gildemacher]]}}, "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007, ''Zuidereind''
{{Reflist}}
}}