Samuel Coster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
 
Rigel 10:
Teffens skreau Coster it earste 'klassike' [[Trageedzje (teoniel)|treurspul]] yn it [[Nederlânsk]]: ''Ithys''. Hoewol't it foar it grutstepart yn de styl fan de pastorale skreaun is, is it tige bluodderich drama, ûntliend oan ien fan wreedste episoaden út de [[Metamorphosen (literatuer)|Metamorphosen]] fan [[Ovidius]]: it ferhaal fan Tereus en Procne.
 
Om [[1615]] hinne waarden de ferhâldingen yn d'Eglantier minder, âld botste op nij, Hollânsk op lânsfjemd, domme selsoerskatting op kritysk talint. It besykjen fan [[P.C. Hooft|Hooft]] ta rekonstruksje fan de 'âlde keamer' waard neat. De brek kaam yn [[1617]], in lytse groep bejeftige lju, mei Hooft en [[Bredero]] dêrby, stichte ûnder Coster syn lieding de '[[Duytsche Academie]]'. It wie de bedoeling om net allinne [[poëzy]] en [[Toaniel|toaniel]] te beoefenjen, mar boppedat ek wittenskiplike lêzingen yn it Nederlânsk te organisearjen. De universiteiten fan Leien, [[Universiteit fan Frjentsjer|Frjentsjer]], [[Universiteit fan Hurderwyk|Hurderwyk]] en [[Universiteit Grins|Grins]] joegen doetiids kolleezje yn it [[Latyn]].
 
Novimber [[1617]] waard in nij klassyk drama fan Coster spile: ''Iphigenia''. It drama hikele yn in bemantele foarm de godstsjinststriderij en de fanatike driuwerij fan de [[Kalvinisme|kalvinistyske]] predikanten, mei fan gefolgen dat dy predikanten fuortendaliks by de boargemaster klagen. Dat kaam de akademy op it predikaat antiklerikaal op en dat wie ek sa. Bot slagge opfierings fan Bredero's ''Spaanschen Brabander'' en Hooft syn ''Warenar'' koenen dêr neat oan feroarje.