Achab fan Israel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Reference before punctuation
Rigel 5:
 
== Achab en Baäl ==
Mar Achab wie ek in kening dy't net trou wie yn it leauwen oan de God fan Israel. Dêryn wie de kening net unyk, mar hy wie neffens 1 Keningen 16:30 op dat mêd slimmer as al syn foargongers. Troch syn houlik mei de Fenicyske Izébel fan Tyrus liet de kening op grutte skaal ôfgoaderij yn it ryk ta. De hearsksuchtige Izébel hie in grutte ynfloed op de kening en wie de driuwende krêft efter it fersprieden fan fan de Baälkultus yn Israel. [[Baäl]] wie de sinnegod en syn frou [[Astarte]] de goadinne fan de natuer en de oanhingers makken harren skuldich oan timpelprostitúsje en it offerjen fan bern. Achab stie it ta dat 450 profeten fan Baäl en 400 profeten van Asjeara op kosten fan de skatkist ûnderholden waarden .<ref>1 Keningen 18:19</ref>.
 
Tagelyk makke Izébel misbrûk fan de tolerânsje troch har ôf te setten tjin de God fan Israel. Under Achab waarden profeten fan Israel fermoarde en alters ferwoastge. De profeet [[Elía]] ûntkaam lykwols oan de moardpartijen en hy foarspruts dat it lân teheistere wurde soe troch in lange droegte. Op de berch [[Karmel (berch)|Karmel]] kamen de tsjinstellings ta in klimaks. Doe't Élia Achab beskuldige dat de kening mei syn belied it lân yn it ûngelok stoartte, dage de profeet de kening út om de profeten fan Baäl en Asjeara op te roppen om op de berch Karmel te sjen wa't de wiere God tsjinne. Nei't Elía it folk liet sjen dat de God fan Israel machtiger wie as Baäl en Asjeara, rôp er de Israeliten op om ôf te weven mei de profeten fan Baäl en Asjeara. Dy waarden troch it folk finzen nommen en by de beek [[Kisjon]] deade.