Oebele Stellingwerf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
foto
L st
 
Rigel 3:
 
Nei in oplieding foar ûnderwizer en inkele jierren praktyk waard Oebele yn [[1870]] blyn. Mei [[Waling Dykstra]] stie er oan it haad fan it [[Frysk Folksblêd]] (1876-1899). Dit blêd ûntwikkele him fan liberaal nei sosjalistyske rjochting.
Yn 1880 komt er yn Ljouwert te wenjen en wurdt dêr in sintrale figuer by ale aksjes foar sosjale gerjochtichheid: de striid foar algemien stim- en kiesrjocht, gehielûnthâlding, antimilitêrisme, lânnasjonalisaasje en letter ek it sosjalisme. Syn frou [[Geertruida Christine Jentink|Geertruida]] steunt him yn syn krewearjen foar in brede folksbeweging. Tusken 1887 en 1891 ûntstiet dan ek de [[Fryske Folkspartij]] dêr't romte is foar linksen en rjochtsen. Stellingwerf lei de klam op it ferbinende en pleite foar it Frysk-eigene. De gedachte oan 'soevereiniteit yn eigen fermidden' spile tige by him. Foar de gedachte fan de trochbrek hat er bestjutting. Yn wêzen religjeusreligieus, ferset er him tsjin alle dogmatisme.
 
Hy hat in soad dien foar it Fryske toaniel.