Lyndensteyn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 6:
Lyndenstein is yn 1821 boud foar de grytman fan [[Opsterlân]], Frans Godaert van Lynden, nei ûntwerp fan Abraham Bruinsma, arsjitekt yn Ljouwert. It hûs kaam yn it plak fan 'Nieuw Fockens', it hûs dat [[Martinus Fockens]], grytman fan Opsterlân, yn de twadde helte fan de 17e iuw sette litten hie.
 
Op [[18 maaie]] 1860 wurdt frelle Cornelia Johanna Maria berne, dochter fan Maria Catharina van Pallandt en Baron Reinhardt van Lynden. Se wenje yn de simmermoannen op Lyndensteyn yn Beetstersweach. Trochdat de lytse Cornelia mei in swakke sûnens hat wurdt se tige beskerme en religjeusreligieus opfieden en hat simmerdeis yn [[Beetstersweach]] eigentlik allinnich kontakt mei de [[hûsûnderwizer]], de [[gûvernante]] en de [[dûmny]].
 
As Cornelia sawat tolwe jier âld is, wurdt se har bewust fan de sosjale need yn De Sweach en omkriten. It idee om dêr wat oan te dwaan dielt se mei har heit en mem. It hinnehok yn de tún wurdt ynrjochte as apteek en fan dêrút wurde doarpslju fergees foarsjoen fan medisinen en hûsmiddeltsjes.