Falentinus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Gjin skaker
L st
 
Rigel 4:
Falentinus waard om-ende-by it jier [[100]] berne yn Neder-[[Egypte]]. Hy waard wierskynlik op jonge leeftyd kristen en folge yn [[Aleksandrje]] in wittenskiplike oplieding. Letter gong er nei [[Rome (stêd)|Rome]], dêr't hy fan [[135]] oant [[165]] wurksum wie. Hast wie er biskop fan Rome wurden, mar de gemeente keas [[Pius de martelder]] as nije biskop. Falentinus is ek noch nei Syprus ferfard.
 
Hy wie in tige ûntwikkele man (út en thús mei [[Plato]], de [[Stoa]], [[Pilo]] ensafuorthinne) en tige bejeftige. Yn de wurden fan de gnosisbestrider [[Tertullianus]]: 'et ingenio et eloquio poterat': 'hy wie én geniaal én bespraakt'. Ek hie der in protte learlingen: û.o. [[Teodotus]], [[Markus de Tsjoender]], [[Klaudius Ptolemaeus|Ptolemaeus]] en [[Herakleon]]. Falentinus ferkeas de '[[Mystyk|mytos]]' boppe de 'ratio'. Ta dat betinken wie er komd troch religjeuskereligieuze ûnderfining. Hy hie in kear in fisioen oer in krekt berne bern. Hy frege oan dat bern: 'Wa bisto?'. It bern andere dy fraach mei: 'Ik bin de Logos'. Oan Falentinus wie, krekt as earder by de [[Paulus (apostel)|apostel Paulus]] op wei nei Damaskus, de ivige Kristus ferskynd.
 
Fan Falentinus sels binne Grykske tekstfragminten bewarre bleaun. Nei gedachten is it ''[[Evangeelje fan de Wierheid]]'' fan syn hân.