Nikolaas II fan Ruslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L [[[]]
Rigel 6:
Under syn regear waard Ruslân ferslein yn de [[Russysk-Japanske Kriich]], mei in benei folsleine ferneatiging fan de Russyske float yn de [[Slach fan Tsusjima]]. Nikolaas stimde yn mei de mobilisaasje fan augustus 1914, wat it begjin fan de belutsenens fan Ruslân yn de [[Earste Wrâldkriich]] betsjutte, in oarloch dêr't 3.3 miljoen Russen it libben by ferlieze soene.<ref>Urlanis, Boris (1971). ''Wars and Population''. Moscow</ref> De earnstige ferliezen fan it Russysk tsaristyke leger, Nikolaas syn inkompetinte hanneljen yn de kriich en yn oare politike saken ûnder syn bewâld, wurde faak neamd as de haadoarsaken fan de fal fan de [[Romanov]]dynasty.
 
Nikolaas II syn abdikaasje folge nei de [[Febrewarisrevolúsje]] fan 1917. Hy waard mei syn famylje yn it earstoan fêstset yn it Aleksanderpaleis yn Tsarskoje Selo, letter yn it gûverneusrhûs yn [[Tobolsk]] it lêst yn it [[Ipatjevhûs]] yn Jekaterinenboarch. Nikolaas II, syn wiif, soan, syn fjouwer dochters, de dokter fan de húshâlding, de tsjinstfeint fan de tsaar, de tsjinstfaam fan de tsarina en de kok waarden yn ien en deselde keamer fermoarde troch de [[Bolsjewiken]] yn de nacht fan 16 op 17 july 1918. Dat barren hat laat ta de [[kanonisaasje]] fan Nikolaas II, syn frou Aleksandra en harren bern as martelders by ferskate groepen dy't oan de [[Russysk Ortodokske-Otterdokse Tsjerke]] ferbûn wienen, yn Ruslân en dêr bûten.
 
== Húshâlding ==