Ferskil tusken ferzjes fan "Fjouwerpoatigen"

L
[[]] oars
L ([[]] oars)
 
| takson11 = [[tuskenstamme]]:
| namme11 = [[kaakdieren]] (''Gnathostomata'')
| takson12 = [[boppeklasse (taksonomy)|boppeklasse]]:
| namme12 = '''fjouwerpoatigen''' (''Tetrapoda'')
| takson13 =
| beskriuwer, jier = ''autoriteit ûnbekend'', <1912
}}
De '''fjouwerpoatigen''', '''fjouwerfuottigen''' of '''fjouwerfuotters''' ([[Latyn]]ske namme: ''Tetrapoda'') foarmje in [[boppeklasse (taksonomy)|boppeklasse]] fan it [[ûnderryk]] fan 'e [[echte dieren]] (''Metazoa''), de [[boppestamme]] fan 'e [[nijmûnigen]] (''Deuterostomata''), de [[stamme (taksonomy)|stamme]] fan 'e [[rêchstringdieren]] (''Chordata''), de [[ûnderstamme]] fan 'e [[wringedieren]] (''Vertebrata'') en de [[tuskenstamme]] fan 'e [[kaakdieren]] (''Gnathostomata''). Ta dizze boppeklasse hearre sa'n 30.000 libbene [[soarte]]n, mei dêrûnder de [[sûchdieren]], [[fûgels]], [[reptilen]] en [[amfibyen]] (mar net de [[fisken]]). Hoewol't men sizze kinne soe dat fûgels mar twa poaten hawwe, foarmje de [[wjuk (fûgel)|wjukken]] it twadde pear, krekt sa't ek de "twafuottige" [[minske]] gewoan ta de fjouwerpoatigen heart. Ferskate subgroepen hawwe boppedat har [[poat]]en alhiel ferlern, lykas de [[slangen]], [[wjirmhagedissen]], [[walfiskeftigen]] en [[seekij]].
 
Sa't de namme al oanjout, ûnderskiede fjouwerpoatigen har fan oare kaakdieren trochdat se twa pear [[lid (lichemsdiel)|lidden]] hawwe dy't har gewicht fan 'e grûn ôf hâlde. It tinken is dat dizze boppeklasse him sa'n 395 miljoen jier lyn yn it [[Devoan]] ûntwikkele hat. Hoewol't de measte fjouwerpoatigen tsjintwurdich op it lân libje, bestiet der net folle bewiis om 'e teory te ûnderstypjen dat de ierste fjouwerpoatigen ek lândieren wiene. Mei't harren [[poat]]en noch net genôch ûntwikkele wiene om har [[bealch]] fan 'e grûn ôf te tillen, en de [[fossyl|fossile]] printespoaren net sa'n fuortslepen sjen litte, tinkt men dat de ierste fertsjintwurdigers fan dizze groep har poaten brûkten om oer de boaiem fan ûndjippe wetters te rinnen, krekt sa't bybelyks [[kikkerts]] dat no noch wol dogge.