Romeinen yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
 
Rigel 5:
De status fan de Friezen yn it [[Romeinske ryk]] is hjoed-de-dei lykwols net dúdlik. Ut ferskate fynsten docht bliken dat de Friezen in bân hân hawwe mei it ryk. Der binne sânentritich brûnzen goadebyldsjes fûn, munten, soldateskuon en wapens. En de Friezen betellen, neffens de ôfspraak mei Drusus, skatting. Mar it is net wis oft de Frisii as part fan it ryk beskôge waarden. De munten betsjutte mooglik allinnich dat der hannel wie tusken Friezen en Romeinen.
 
It liket der mear op dat de Romeinen harren grinzen fan macht oan it ferkennen wienen. Doe't yn [[47]] it beslút naam waard om de [[Ryn]] ta ryksgrins te meitsjen, waarden de [[Frisiavones]] dêrmei ál yn it ryk opnaam, mar de Frisii nét. Yn hjoeddeisk [[Fryslân]] binne oant no ta dan ek gjin forten fûn, al wize fynsten yn [[Winsum (Littenseradiel)|Winsum]] wol op de oanwêzigens fan Romeinske soldaten bûten de ryksgrins. Sokke forten waarden nammentlik boud troch de Romeinen as se in folk ferslein hienen en se bliuwe woenen. Mooglik hie Drusus kampen ynrjochte op de fierste punten fan syn tocht, oan de [[Iems]] en de [[Weser]] yn it gebiet fan de [[Sjauken]] en hawwe sy ek yn de omkritenfanomkriten fan Winsum west. Nei alle wierskyn waard it gebiet fan de Frisii troch him frijlitten.
 
== De Fryske Opstân ==
Yn [[28]] nei Kristus stelde [[Olennius]] dat de kowehûden net de mjitten fan hûden fan de lytse Fryske kij hawwe moastenmochten, mar dy fan de oerokse. Dat wie foar de Frisii net mooglik. Har fee wie sa grut net en allinnich oan 'e râne fan harren gebiet kaam mooglik wolris in oerokse, mar net genôch foar de skatting. Lykas Olennius witte moatten hat, koenen de Friezen dêr net oan foldwaan. Mei dy rjochtfeardiging hellen de Romeinen earst de kij by harren wei, doe it lân en doe de froulju en bern. Dat soarge foar in opstân. De soldaten dy't de skatting ophelje moasten, waarden pakt en ophongen. Olennius ûntsnapte nei it [[Flevum|fort Flevum]], dêr't er troch de Frisii belegere waard. [[Lapronius]], de gûverneur fan [[Neder-Germaanje]], besocht om de opstân te ûnderdrukken en rôp de help yn fan de legioenen fan [[Boppe-Germaanje]]. Hy koe de Friezen werom driuwe nei de omkriten fan fort Flevum, mar dat slagge allinnich mei grutte ferliezen. De skatting koe er net op 'en nij oplizze.
 
== De swette ==
[[Ofbyld:Limeswachturm_WP_14-63.jpg|left|thumb|190px|Romeinske wachttoer oan de grins]]
De opstân besoarge de Frisii in bêste reputaasje by oare Germaanske folken. Sy loeken harren net folle mear oan fan de Romeinen. Kloften Friezen besetten lânbougrûn dy't troch [[Romeinske Ryk|Rome]] foar soldaten ornearre wie. Ek woenen se net út de nije delsettings wei gean dy't se krekt stifte hienen. Yn [[47]] nei Kristus waarden de Friezen op 'en nij ferslein. Diskear troch [[Korbulo]], mar allinnich foar in koarte tiid. Fan Korbulo is wis dat er wol besocht hat om de Frisii yn it ryk op te nimmen. Hy boude in fort op Fryske grûn en yntrodusearre in bestjoer neffens Romeinske styl. Wêr't it fort (wierskynlik in [[kastellum]]) krekt stienlein hat, is net bekend. Korbulo waard troch keizer [[Klaudius]] lykwols weromroppen en dy lei de Ryn definityf fêst as grins fan it Romeinske ryk.
 
Yn [[54]] nei Kristus feroveren de Friezen, op inisjatyf fan [[Ferritus]] en [[Maloriks]], in buffergebiet by de [[Ryn]] lâns. Doe't de Romeinske generaal [[Dubius Avitus]] dermei drige om legioenen yn te setten om de swette wer frij te meitsjen, waard der in delegaasje nei keizer [[Nearo]] stjoerd. Dy delegaasje frege goedkarring om it gebiet yn besit te nimmen. Nearo wegere dat en hiet de Frisii om de Rynstreek te ûntromjen. Doe't de Frisii har net ferplakten, waarden hja koarte tiid letter troch hynstemannen en helptroepen fuortreage.
Rigel 23:
 
== Ynfal troch de Sjauken ==
Yn it tiidrek 172-174 binne de [[Sjauken]], it buorfolk fan de Friezen, op oarlochspaad en hâlde plondertochten yn Gallia Belgica (it hjoeddeiske Flaanderen). Arras wurdt platbaarnd, de stêden Bavay, Thérouanne en Doarnik wurde foar it grutste part fernield. Mar ek de Friezen hawwe ûnder dy kriichsoprisping fan de Sjauken te lijen, want der is sprake fan in ynfal yn harren gebiet. Yn in part fan Frisia (noyn it hoeddeiske Fryslân en Grinslân) waarden doe inkelde jildskatten begroeven. In strafekspedysje troch de Romeinske keizer [[Didius Julianus|Marcus Didius Julianus]] makket in ein oan dy plonderings. <ref>{{aut|Marco Mostert}} (2009), ''In de marge van de beschaving, de geschiedenis van Nederland'', side 70, Amsterdam. </ref> By de Noardseekust en it Kanaal lâns lit er forten bouwen (Litis Saxonicum).
 
== It weromlûken ==