De Sportman fan de Ieu: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 2:
 
==Ferhaal==
De film lit Taeke's libbenslange passy foar [[Pealsitten]] sjen. Hy besiket om it rekord fan sawat 250 dagen te oertreffen. Iten wurdt brocht totta op'e peal, sadat it liket oft der gjin pauzes binne, net iens foar sanitêre behoeften.
 
Hy docht it fan jongs ôf oan. As jong folwoeksene set hy yn sa'n wedstryd op de peal in bern by syn freondinne Tsjitske ([[Ricky Koole]]). Hja is foar in frijpartij op de peal klommen. It rekket út neidat Tsjitske Taeke om help freget wegens famyljeomstannichheden, en Taeke wegeret om dêrom de wedstryd ôf te brekken. (Hy wit noch net dat se swier fan him is.) Tsjitske trout mei Taeke syn rivaal Rintje, de soan fan in dikke boer. Wannear't de brulloftstaasje lânskomt brekt Taeke syn rekordpoging dochs noch ôf, mar dan is it te let.