Kust: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
fl
Rigel 2:
De '''kust''' of in '''kustline''' is in gebiet dêr't it [[grûn|lân]] begrinzge wurdt troch de [[see]] of de [[oseaan]], en dêr't mei [[êb]] en [[floed]] ynteraksje tusken lân en [[wetter]] bestiet. Soms wurdt ek by gruttere [[mar]]ren wol sprutsen fan in kust, mar by lytsere marren en oare [[oerflaktewetter|binnenwetter]]s (lykas [[rivier]]en, [[beek|beken]], [[sleat]]ten, [[opfeart|fearten]] en [[kanaal (wetterwei)|kanalen]]) brûkt men ynstee de oantsjutting [[igge]] of [[wâl]]. Oan 'e kust sjocht men gauris [[dún|dunen]], [[strân|strannen]], [[rots]]en en/of [[klif]]fen. Yn leechlizzende gebieten wurdt de kust faak beskerme troch in [[seedyk]] of oare [[wetterkearing]] dy't troch [[minske]]hannen oanlein is. Kusten wurde ek foar oare doelen in protte brûkt troch de minske, lykas [[skipfeart]], [[wettersport]], de oanlis fan [[haven]]s en [[haven]]stêden, en [[sinnebaaien]] op [[sân]]strannen.
 
Der binne ferskate soarten kusten. In [[pelagysk]]e kust is in kust dy't oan 'e iepen see leit, yn tsjinstelling ta de kust fan in [[golf (wetter)|golf]], [[baai]], [[ynham]] of [[see-earm]], dy't mear beskut is. In [[waadkust]] is in kust dy't beskerme wurdt troch in rige [[dún|dunige]] [[barriêre-eilân|barriêre-eilannen]] mei in smelle stripe see tusken de [[eilân|eilannen]] en it [[fêstelân]] yn. In [[skearekust]] is in kust dêr't in grut tal lytse, faak rotsige eilantsjes foar lizze. In [[fjordekust]] is in kust dy't op in grut tal plakken djip ynsnien is troch djippe smelle see-earmen dy't [[fjord]]en neamd wurde. In [[mangrovekust]] is in kust mei in [[moeras|moerassich]] [[mangrovewâld]] dat oant djip yn 'e [[tij]]sône groeit, sadat it der by floed fierhinne ûnder strûpt, mar by êb oan 'e [[woartel (plant)|woartels]] ta drûchfalt.
 
{{boarnen|boarnefernijing=