Haat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 3:
Yn it deistich spraakgebrûk wurdt it wurd 'haat' faak brûkt om ôfgriis út te drukken ("ik haatsje sprútsjes!") of as men eat of immen útfoeteret ("ik haatsje dy ferfelende klier!"). It hat dan in minder swiere betsjutting. Foarbylden fan spesifike foarmen fan haat binne haat tsjin [[minske]]n ([[misantropy]]), haat tsjin [[manlju]] ([[misandry]]) en haat tsjin [[froulju]] ([[misogyny]]). As men mei in persoan in [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] ûnderhâldt dy't hinne en wer swingt fan leafde nei haat en wer werom, sprekt men fan in [[haat-leafdeferhâlding]]. Haat is in destruktive emoasje, dy't de hater faak mear [[kwea]] docht as itjinge dat er hatet. In [[sitaat]] fan 'e [[Boeda]] is: "It fêsthâlden oan haat is as it fêsthâlden fan in gloeiend [[stielkoal|koaltsje]] mei it doel om dat tsjin immen oan te goaien: jo binne sels dejinge dy't him brânt."
 
[[Post]] of [[e-mail]] dy't ferstjoerd wurdt mei de bedoeling om 'e ûntfanger te kwetsen, wurdt [[haatmail]] neamd. In misdie dy't út haat begien wurdt, is in [[haatmisdriuw]]. Neffens de [[kêst]]en 137d en 137e fan it [[Weboek fan Strafrjocht]] en de kêsten 143b en 143c fan it [[Wetboek fan Strafrjocht BES]] is ûnder de [[Nederlân]]ske [[wet]] it [[oansetten ta haat]] ('haatsiedzjen') omreden fan [[ras (klassifikaasje fan minsken)|ras]], [[godstsjinst]] of [[libbensoertsjûging]], [[geslacht (sekse)|geslacht]], [[seksuële oriïntaasje]] of [[lichem|lichaamlike]], [[psyche|psychyske]] of [[ferstân|ferstanlike]] [[handicap|beheining]] in [[misdriuw]] wêrfoar't men [[jildboete|beboete]] wurde en yn it uterste gefal [[finzenisstraf]] krije kin.
 
{{boarnen|boarnefernijing=