Stedsgrêft (Snits): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 38:
Fan de Súdbrêge ûnder de ''Middelbrêge'' troch nei de ''Aaiebrêge'' rint de Stêdsgrêft tusken de beide wâlen fan it ''Grutsân'' troch troch de stêd nei it noarden. Dit part hjit yn de folksmûle ít ''Grutsân'', nei de beide kaden. Dit is nei alle gedachten in wetter dêr't Snits as hannelsstêd bylâns woeksen is.
 
By de Aaiebrêge, in oerklúsing dy't trije âldere brêgen ferfong dêr't de âlde ''Aaiebrêge'' der ien fan wie, giet ''de Wip'' nei it westen, en gong eartiids it wetter fan it Grutsân fierder nei it noarden. Yn de 19e iuw is dat lêste wetter lykwols oerkluze en it is no net langer tagonkeliktagonklik. De ienichste fuortsetting is nei it easten, tusken de beide wâlen fan de ''Sûpemerk''/''Suupmerk'' troch, wat yn 'e folksmûle ''Sûpemerk'' hjit, nei de beide kaden. Dan rint it wetter ûnder de [[Bokkensbrêge]] (''Sylsterbrêge'') troch, ek wer in oerklúsing dy't âldere brêgen ferfong: fjouwer brêgen dêr't de âlde ''Sylsterbrêge'' der ien fan wie.
Fan dêr rint de grêft ûnder de ''Bysketoerbrêge'' tusken de beide wâlen fan it ''Lytssân'' troch en draait stadich nei it noardeasten, oant it troch de [[Jousterpiip]] op de noardrin útkomt. Dit lêste part hjit yn 'e folksmûle nei de beide kaden it ''Lytssân''. Moochlik binne dizze parten fier yn it ferline groeven as tagong fan de huzen dy by de Himdyk lâns stienen. It Lytssân is earst by de útwreiding fan 1492 by de stêd kaam.