Lisinius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
 
Rigel 5:
Lisinius kaam út in laach fan boeren út [[Daasje]]. Hy wie kriichsmaat en freon fan keizer [[Galerius]]; yn [[297]] die er mei oan in ekspedysje tsjin de [[Perzen]]. Nei de dea fan [[Severus II]], dy't troch Galerius nei it westen stjoerd waard om de opstân fan [[Maksentius]] del te slaan, mar dêr sels sneuvele yn de striid, waard Lisinius syn wetlike opfolger op [[11 novimber]] [[308]]. Hy krige de Romeinske provinsjes [[Traasje]], [[Pannoanje]] en [[Illyrikum]] tawiisd om te bestjoeren.
 
Oars as fan him ferwachte waard bemuoide Lisinius him net mei Maksentius. Nei de dea fan Galerius yn [[311]] ferdielden Lisinius en [[Maksiminus II Daia]] syn gebiedengebieten ûnderling. Maksiminus hie lykwols wrok tsjin Lisinius, omdat dy, in tsjinstelling ta Lisinius, net offisjeel ta keizer beneamd waard. It kaam tusken beide net ta in kriich. De [[Bosporus]] fungearre as grins.
 
Op [[28 oktober]] [[312]] fersloech [[Konstantyn de Grutte]], dy't tegearre mei Lisinius ta keizer beneamd wie, de [[usurpator]] Maksentius. Lisinius boaske mei de suster fan Konstantyn, Konstantia. Sy krige in soan, dy't [[Licinius II|Falerius Licinianus Licinius]] neamd waard.