Amsterdamsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L st
Rigel 3:
It Amsterdamsk hie yn it ferline in grutte ynfloed op oare dialekten, mar ek op it [[Frysk]]. Benammen it [[Súdwesthoeksk]] en it [[Hylpersk]] hienen in protte taalkontakt mei Amsterdam. Ek op it [[Stêdsk]], benammen it [[Starumersk]], hie it ynfloed, al wie it net de spesifike boarnetaal dy't by it ûntstean fan it Stêdsk oan 'e basis dêrfan lein hat.
 
De wichtichste skaaimerken fan it (hjoeddeistich) Amsterdamsk binne de útspraak fan de ''v'' en ''z'' oan it wurdbegjin as ''f'' en ''s'' (lykas yn it Frysk; dit kin bêst in oerbliuwsel wêze út de tiid dat it gebiet Frysktalich wie), de realisaasje fan de Nederlânske /a:/ as in efterlûd [ɑ:] (wat wiist op in oergong nei it [[Utertsk-Alblasserwaardsk]]), in palatale útspraak fan dentale bylûden oan it wurdein (sa't it wurd ''zon'' likernoch klinkt as ''sònj'') en in 'dike' (felare) l yn alle posysjes. Op it gebiedgebiet fan de wurdskat hat it Amsterdams in beskate ynfloed fan it [[Jiddysk]] ûndergien; wurden lykas ''goochem'' 'gewykst', ''gabber'' 'kammeraat' en ''geteisem'' 'rapalje' binne troch it [[Bargoensk]] yn de algemiene Amsterdamske wurdskat opnommen.
 
Hokfoar persintaazje fan de Amsterdamske befolking it dialekt noch praat, is net bekend. Wol is it gebrûk beheind ta de autochtone folksklasse: lju mei in heger oplieding en lju mei yn migraasje-eftergrûn prate oer it algemien gjin Amsterdamsk. De boerebefolking yn it [[Amstellân]] en de [[Haarlimmermar]] sprekt al Amsterdamsk; dat wol sizze: it dialekt fan dy plakken is feitlik itselde. Mei't in soad 'echte' Amsterdammers yn'e twadde healte fan de tweintichste iuw nei oare plakken ferhuze binne, is it Amsterdamsk ek de folkstaal fan [[Lelystêd]] en [[Almere]], en binne der grutte sprekkersmienskippen yn bygelyks [[Zaanstad]] en [[Purmerend]].