Groustins (Gaastmabuorren): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L st
Rigel 5:
It wie in echte klassike stins út de [[14e iuw]] en like in bulte op de [[Skierstins (Feanwâlden)|Skierstins]] fan [[Feanwâlden]]. It wie in bakstiennen fjouwerkante toer fan fjouwer boulagen. Wat de namme yn it earstoan fan de stins wêst hat is net bekend. Letter hat de stins de namme krigen fan de famylje Grovestins.
 
Yn de [[17e iuw]] wenne [[Boate fan Groustins]] op de Gaestmabuorren. Yn 1676 ferkocht [[Oene fan Groustins]], de grytman fan [[Hinnaarderadiel]] de stins oan [[Willem fan Vierssen]], riedsheerriedshear fan it [[Hof fan Fryslân]]. Trochdat Vierssen syn dochter troud wie mei [[Hector fan Glinstra]] kaam de stins in besit fan de famylje Glinstra. De stins waard doe al in skoft net mear bewenne en is yn [[1829]] ôfbaarnd.
 
Yn de Fryske Folksalmanak út 1837 stiet fan de hân fan D. van der Meer in beskriuwing fan de stins te [[Gaastmabuorren]] by Burgum. Neffens him soe de stins yn [[1398]] boud wêze. Hy basearre dit op in jiertalstien dy't yn de gevel mitsele wie. Hoewol't út de beskriuwing in goede yndruk krigen wurde kin fan de stins, slagge it dochs net der in rekonstruksjetekening fan te meitsjen.