Albert Sustring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
Rigel 22:
Albertus Martein Sustring wie in man dy't ûnfersteurber syn eigen gong gie en oant de ein fan syn libben sels baas bliuwe woe. Yn it museum hie hy wol meibesjoersleden en de konservator, dr. [[Herre Halbertsma]] om him hinne, mar dochs wie syn lieding fan it museumwurk tige persoanlik fan aard. Unôfhinklik en sûnder in soad ynbring fan oaren regele en die hy de museumsaken leafst safolle mooglik sels. Hy libbe him benammen út yn it bouwen, ferbouwen, ynrjochtsjen en op'en nij ynrjochtsjen fan it museumkompleks. It slagge him ek om hjir de nedige sinten foar op it kleed te krijen. Syn ynteresse foar boukeunst, ynterieurkeunst en ambachtskeunst makken dat er bewust keas foar eigentiidske presintaasjes yn it museum.
 
De heerhear Sustring dy't [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|grifformeard]] wie "mei behâld fan eigen fielen", sa't er it sels neamde, woe net as tradisjoneel beskôge wurde, mar modern wêze en dwaan. Hy woe meigean yn de uteringen fan moderne keunst, dy't hy in plak joech yn it Frysk Skipfeart Museum, út soarte bûten de museale tema's om. Al wurkjend, ferheljend en benammen posearjend, gie hy syn eigen gong. Yn oerlis mei syn frou hat er harren neilittenskip ornearre foar de [[Feriening Frysk Skipfeart Museum]].
 
De neilittenskip, besteande út jild, it monumintale hearehûs Lytssân 40 yn Snits mei de dêryn oanwêzige samling sulversmidark en bibleteek, waard ûnderbrocht yn in apart Sustring-Sytsmafûns. Op 3 jannewaris 2000 en op 22 septimber 2001 Sustring en de frou op "it klokhûs fan Idzegea", dêr't se beide ûnder tige barre omstannichheden ta rêste lein waarden by harren foarâlden en besibben út it skaai Ykema, tichtby it grêf fan de skriuwer en sjoernalist [[Jan Piebenga]], dy't yn [[1936]] dichte: