Pjotr Kropotkin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st/fl
 
Rigel 3:
 
Kropotkin wie fan 1872 oant 1874 lid en propagandist fan de rûnte fan de 'tsjajkovisten', in revolúsjonêre beweging yn [[Sint-Petersburg]].<br />
Fan 1876 oant de febrewarisrevolúsje fan 1917 wie er twongen om yn it bûtenlân te wenjen. Hy wie dêr lid fan anarchisyskeanargistyske organisaasjes. Kropotkin publisearre op it mêd fan etyk, sosjology en de skiednis fan de [[Frânske Revolúsje]]. Yn 1902 ferskynden syn memoires: 'Oantinkens fan in revolúsjonêr'.
 
Kropotkin konkludearre, ûnder oaren yn tsjinstelling ta Darwin, dat by bisten fan deselde soarte gjin striid om it bestean foarkomt. Help en [[solidariteit (etyk)|solidariteit]] ûnder inoar blike essensjeel foar it behâld en de evolúsje fan eltse bistesoarte. De minske hinget der neffens Kropotkin ek nei oer om in genereuze hâlding oan te nimmen, him op te offerjen en wat foar in oar oer te hawwen. Dat soe benammen bliken dwaan yn lytse en solidêre mienskippen. Hy miende soks noch te sjen in beskate lânseigen befolkingsgroepen, dy't it [[feodalisme]] en [[kapitalisme]] net kend hienen.