Tsjerke fan it Ikoan fan de Mem Gods fan it Teken (Moskou): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Flag_of_Moscow.svg ferfange troch Flag_of_Moscow,_Russia.svg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: to avoid confusion with other moscows).
L Frysk
Rigel 36:
De earste Tsjerke fan it Teken waard yn 1625 yn opdracht fan Ivan Romanov (de omke fan de earste Romanov-tsaar [[Michaël I fan Ruslân|Michaël I]] en de broer van de patriarch [[Filaret fan Moskou|Filaret]]) boud. Ivan's heit wie Nikita Romanov, dy't troch it houlik fan syn suster Anastasia in sweager wie fan tsaar [[Ivan IV van Rusland|Ivan de Ferskriklike]]. Troch Anastasia's houlik krige Nikita de titel fan [[bojaar]] en in soad grûn. Op it lân dat de tsaar jûn hie, dat op lytse ôfstân noardwestlik fan it [[kremlyn fan Moskou]] leit, waard in residinsje mei in tsjerke boud en wijd oan it Ikoan fan it Teken, dat jimmeroan in spesjale bestjutting hân hat foar de [[Hûs Romanof|Romanov's]].
[[File:N.A.Naidenov (1884). Views of Moscow. 51. Sheremetev.png|thumb|left|250px|De Tsjerke fan Us Leaffrou fan it Teken yn 1884 (N.A.Naidenov) (1884)]]
De measte bern fan Ivan Romanov stoaren al betiid en de iennige soan dy't langer libbe ferstoar yn 1656 sûnder neiteam, sadat al it eigendom oan it Ryk tafoel. Yn 1671 joech [[Alexis fan Ruslân|Aleksej Michailovitsj]] it goed oan Kirill Polûektovitsj Narysjkin, de heit fan de twadde frou fan de lettere tsaar [[Peter de Grutte]]. It wie syn soan, Lev Kirillovitsj Narysjkin (1664-1705), dy't de opdracht joech om yn de letter jierren 1680 de hjoeddeiske tsjerke te bouwen. De tsjerke waard ynwijd yn 1691 en wurdt as ien fan de ierste foarbylden fan de wielderige [[Narysjkin-barok]] beskôge. Troch in houlik fan Ekatarina Narysjkin mei graafgreve Kirill Razûmovsky kaam it hôf mei de tsjerke yn hannen fan de Razûmovsky's. Syn soan Alexej Kirillovitsj ferkocht it hôf mei de tsjerke letter wer oan de stienrike Sjemeretev's. De famylje Sjemeretev feroare fjierder neat oan de tsjerke, allinnich it ynterieur fan de tsjerke waard feroare en oan de nije moade oanpast.
 
De tsjerke baarnde yn 1812 tidens de [[Brân fan Moskou (1812)|brân fan Moskou]] ôf, mar dêrnei folge de weropbou en op 21 septimber 1847 waard de tsjerke op'e nij ynwijd troch de Moskouse metropolyt Filaret. Mei de oerdracht fan it hôf oan de Moskouse stedsdûma yn de twadde helte fan de 19e iuw waard de tsjerke in gewoane parochytsjerke.