Katedraal fan Exeter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
Rigel 75:
Yn 1412–1413 waard in nij ''lectrinum'' útrêst foar de restauraasje fan boeken. Guon boeken waarden doe ek fan kettings foarsjoen. Neffens in katalogus fan de bibleteek út 1506, dus sa'n njoggentich jier nei de lêste ynrjochting, besiet de bibleteek sa'n 530 titels.
 
Yn de rin fan de tiid ferdwûnen wurken fan de bibleteek nei Canterbury en Oxford. Yn 1657 yn de tiid fan de Commonwealth waarden ferskate gebouwen fan de katedraal plondere werûnder ek de lêsseal fan 1412-1413. Guon boeken gyngen ferlern, mar in grut part bleau bewarre troch't dr. Robert Vilvaine op 'e tiid in diel yn it ''St John's Hospital'' oerbrocht. Letter joech er jild om de Marijekapel as bibleteek yn te rjochtsen en waarden de boeken werombrocht. Yn 1820 ferhûze de bibleteek nei it kapittelhûs. Om't der yn de 19e iuw in pear grutte kolleksjes oan de bibleteek tafoege waarden, dy't de besteande bibleteek mear danas ferdûbele, wie in grutter, nij gebou nedich. John Loughborough Pearson wie de arsjitekt fan it nije gebou op it plak fan de eardere kleastergong. Yn de 20e iuw waard it grutste diel fan de bibleteek oerbrocht nei romten yn it biskoplik paleis, wylst de rest yn de bibleteek fan Pearson bleau.
 
Tsjintwurdich is der in goede kolleksje fan iere medyske boeken. In diel dêrfan kaam yn 1948 fan de Exeter Medical Library (stifte yn 1814) en (yn brûklie) fan it ''Royal Devon and Exeter Hospital'' (1.300 wurken, 1965). It meast fersierde manuskript yn de bibleteek is in [[Psalter (boek)|psalmboek]], mooglik skreaun foar de ''Church of St Helen'' ' fan [[Worcester]] yn de iere 13e iuw. It earste printe boek yn de bibleteek wurdt fertsjintwurdige troch ien side fan [[Markus Tullius Sisero|Cicero]]'s [[De officiis]] ([[Mainz]]: Fust-Schoeffer, 1465–66).