Ferskil tusken ferzjes fan "Grottekleaster fan Pskov"

L
Frysk
L (Frysk)
Yn 1473 waard op it plak in grottsjerke ynwijd ta eare fan de himelfeart fan de Mem Gods, dy't troch in sekere Jehannes yn in heuvel fan sânstien úthoud wie. Dêrby waard er holpen troch syn frou en nei har dea naam er it beslút muonts te wurden en de monastike namme Jona oan te nimmen. Der bestiet lykwols gjin betroubere ynformaasje oer de stifting fan it kleasterlibben en der hawwe ek gjin wittenskiplike stúdzjes west oer de oarsprong fan de grotten fan it kleaster. De muontsen soene harren nei wenjen setten ha yn de grotten, nei't se fanút it suden nei Pskov flechten foar de ynfallen fan de [[Krim-Tataren]]. Nei de bou fan de earste tsjerke ûntstie der al gau in lyts kleaster. De grotten waarden yn de rin fan de tiid troch de muontsen brûkt om harren bruorren yn te begraven.
 
It kleaster lei op de grins fan Ruslân en [[Liiflân]]. Neffens de kroniken fan it kleaster waard it mear danas in kear ferwoastge troch de buorlju fan de oare kant fan de grins. It offisjele begjin fan it kleaster wie 1519, doe't Moskou it strategyske belang fan it kleaster ûnderkende fanwegen it 20 kilometer fierderop oan de oare kant fan de grins lizzende Letske fort Neuhausen. Yn 1523 waard it kleaster fersterke mei houten ôffredings, de grottsjerke waard fergrutte en der waard in nije, oan Antonius en Teodosius (de stifters fan it [[Kiëvske Petsjersk-lavra]]) wijde, tsjerke byboud. Ek it hânfêst fan it kleaster waard ôfstimd op dat fan it Kiëvske Petsjersk-lavra.
 
== Heechtijdagen fan it kleaster ==
11.717

bewurkings