Krasnojarsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
L Frysk
Rigel 94:
De Paraskeva Pjatnitsa-kapel stiet op de heuvel Karaulnaja (letterlik wachtheuvel) boppe de stêd. Oarspronklik wie de lokaasje in plak foar de heidenske kultus, letter stie dêr in wachttoer fan de fêsting fan Krasnojarsk. De kapel waard yn 1804 boud en yn de jierren 1852-1855 troch de arsjitekten J. Alfejev en J. Nabalov op 'e nij boud. Yn de Sovjet-tiid rekke de kapel bûten gebrûk en yn ferfal. Mei de Perestrojka waard de kapel wer renovearre.
 
Yn de buert fan de Kommûnalni-brêge leit it histoaryske en etnografyske museum. De kolleksje mei û.o. in grutte samling fan âlde ôfbylden fan Sibearje wurdt yn in gebou yn Egyptyske styl bewarre. Oan de kaai yn it sintrum fan de stêd leit it museumskip Sint-Nikolaas. Op 1 july 1891 arrivearre tsarevitsj Nikolaas Aleksandrovitsj (de lettere tsaar [[Nikolaas II fan Ruslân|Nikolaas II]] mei it fracht- en passazjiersskip yn Krasnojarsk. Mei it skip waard op 30 april 1897 ek [[Vladimir Lenin]] ferfierd nei it plak dêr't er hinne ferballe waard. It Lângoedmuseum fan Vasili Soerikov besit mear danas 90 wurken fan de ferneamde yn Krasnojarsk berne keunstskilder [[Vasili Soerikov]].
 
In tige opfallend gebou fan Krasnojarsk is nea foltôge. De bou fan de 28 ferdjippings hege kantoartoer wie koart foar de Perestrojka mei útein set, mar einige mei it ûnstjoer fan de politike feroarings yn dy tiid.