Rybinsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L - tikflater
L Frysk
Rigel 42:
In Dútske besetting fan de stêd hat der net west, mar de stêd hie wol te lijen fan bombardeminten. Begjin juny 1942 fleach ien Dútsk fleantúch sûnder op te fallen 450 kilometer oer it front om sûnder wjerstân de Rybinsker motoarenfabryk foar fleantugen te bombardearjen. Yn dy tiid waarden strategyske foarsjennings lykas de motoarenfabryk foar fleantugen en it Rybinsker loftfeartynstitút oerbrocht nei it feiliger [[Ufa]]. In soad ynwenners waarden mei evakuëarre en bleaune dêr ek neitiid wenjen. Letter fûn de produksje fan fleantúchmotoaren wer op 'e nij yn Rybinsk plak.
 
Nei de oarloch bleau de stêd groeien mei de oanlis fan nije wiken en tsjin it ein fan de jierren 1980 hie de stêd al mear danas 250.000 ynwenners.
=== Nei 1990 ===
De ekonomyske herfoarmings yn de jierren 1990 hiene op de ûntwikkelings yn Rybinsk in negative útwurking. In soad bedriuwen krigen minder earmslach en guon gyngen fallyt, de wenningbou stie stil en op kultuer waard besunige. Dat liede ta in delgong fan it ynwennertal fan Rybinsk.