Han Hollander: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
Rigel 8:
Nei syn skoaltiid wurke hy fan [[1904]] oant 1921 yn in administrative funksje foar de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij. Yn di tiid wie hy ek sportsjoernalist wurden en wurke hy foar Het Sportblad. Yn [[1921]] kaam hy oan it wurk foar De Telegraaf, wêr't hy de adjunkt-sjef fan de sportredaksje waard. Dat wurk soe hy oant yn [[1940]] dwaan bliuwe.<ref>[http://www.beeldengeluidwiki.nl/index.php/Han_Hollander Han Hollander], Beeld en geluid (sjoen op 15 desimber 2009)</ref>
 
Yn de tiid fan syn militêre tsjinst wie ien fan syn maten [[Willem Vogt]], de lettere direkteur fan de AVRO. Doe’t dizze immen nedich hie foar it earste sportferslach dat útstjoerd waard op de Nederlânske radio, skeat Hollander him yn it sin, dy’t earder al moai oer sport ferhelje koe. Dat earste ferslach waard dien op [[11 maart]] [[1928]], by de fuotbalwedstriid tusken [[Nederlân]] en [[Belgje]] yn it [[Olympysk Stadion]] fan [[Amsterdam]]. It wie fuortendaliks sa’n súkses dat Hollander dêrnei mear danas 50 ynterlâns beprate soe, en yn de jierren ’30 tige populêr wie.
 
Dêryn sil ik de goeie prestaasjes fan it Nederlânske alvetal in rol spile hawwe. Benammen nei de kwalifikaasje foar it WK fan [[1934]] yn [[Itaalje]] waard it folk optein, lykas Hollander. Hy waard sjoen as in kundich en meislepend ferslagger, al wie syn sprektempo in stik leger dan dat de minsken letter wend wienen. Hy wie ek in goed sjonger en hat in stik as wat lieten op plaat setten, dy’t in nijmoadrige earen in heech kuriositeitsgehalte hawwe soe.