Atos: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L Frysk
Rigel 2:
De '''Hillige Berch Atos''' (Aldgryksk: Ἄθως Áthōs, Nijgryksk: Άθως Áthos; sûnt de [[Byzantynske tiid]] meastentiids: Άγιον Όρος, Ágion Óros, "Hillige Berch") is in [[berch]], [[skiereilân]] en [[eastersk-otterdoksy|otterdokse]] [[muonts]]e[[republyk]] yn [[Grikelân]], mei in [[autonoom gebiet|autonome status]] ûnder de Grykske [[soevereiniteit]].
 
It [[skiereilân]] is bekend fanwegen de lange monastike tradysje, dy't werop giet op 800 jier nei Kristus en it Byzantynske tiidrek. Tsjintwurdich wenje ôfsûndere fan de rest fan de wrâld op Atos mear danas 2.000 muontsen. Hja komme út Grikelân en oare [[Eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse]] lannen. De kleasters besitte in grut tal seldsume boeken, kostbere ikoanen en net te beteljen keunstwurken fan grutte skiedkundige wearde. Sûnt 1988 stiet Atos op de list fan it wrâlderfgoed fan [[UNESCO]].
 
Alhoewol't Atos krekt as de rest fan Grikelân diel útmakket fan de [[Jeropeeske Uny]], waard de status fan de monastike steat fan de Hillige Berch en de jurisdiksje fan de ynstellings op Atos ôfsûnderlik beskreaun en ratifisearre nei it talitten fan Grikelân ta de Jeropeeske Mienskip (de foarrinner fan de Jeropeeske Uny). De frije tagong fan persoanen en guod op it grûngebiet fan Atos is net tastien, útsein as de autoriteiten fan de Monastike Steat dêr tastimming foar jûn hat. It is allinnich manlju tastien om in besite te bringen oan it eilân.