Katedraal fan Coventry: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L Frysk
Rigel 49:
[[File:Churchill CCathedral H 14250.jpg|thumb|left|250px|''[[Winston Churchill]] tusken de ruïnes fan de katedraal'']]
 
De nije katedraal waard njonken de resten fan de âlde katedraal neffens in ûntwerp fan Basil Spence boud. Spence trune der op oan om de resten fan de âlde katedraal as betinkingstún yntakt te litten en de nije katedraal sa oan te bouwen, dat de twa gebouwen tegearre in tsjerke foarmje. By it sykjen nei in goed ûnwerp waard sines út mear danas 100 ûntwerpen keazen.
 
Op 23 maart 1956 waard de earste stien fan de nijbou troch keninginne [[Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk|Elizabeth]] lein. Basil Spence waard troch de keninginne yn 1960 as wurdearring foar syn prestaasjes yn Coventry as ''Knight Bachelor'' ta ridder slein. De ynwijing fan de nije katedraal folge op 25 maaie 1962.
Rigel 59:
 
==== It Spikerkrús ====
Fan trije spikers fan de âlde katedraal waard noch in krús makke, mar dan lytser, dat tsjintwurdich yn de nijbou hinget. Dat saneamde Spikerkrús fan Coventry (''Cross of Nails'') waard it symboal fan de oekumenyske Spikerkrúsbeweging (''The Community of the Cross of Nails''), dy't fanút Coventry oant mear danas 200 plakken oer de hiele wrâld útgroeide. As teken fan ferbûnens kriget elts plak dat by de beweging heart in spikerkrús, dat lykas it orizjineel út trije spikers bestiet. Yn Fryslân binne gjin plakken of tsjerken oansletten by dy beweging.
==== De Stalingradmadonna ====
Yn in kapel fan de katedraal hinget in kopy fan de saneamde Stalingradmadonna, in tekening dy't de Dútske lazaretarts [[Kurt Reuber]] yn de kryst fan 1942 by de [[Slach om Stalingrad]] makke. It orizjineel fan de Stalingradmadonna hinget yn de Kaiser-Wilhelm-Gedächtniskirche fan [[Berlyn]].