Untsliepeniskatedraal (Vladimir): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Frysk
Rigel 36:
 
== Earste bou 1158-1160 ==
De katedraal fan wite stien waard yn de jierren 1158-1160 ûnder grutfoarst [[Andrej Bogoljûbsky]] boud. Al fanôf 1161 waard de katedraal fan fresko's foarsjoen. De oarspronklike katedraal wie in trijebeukich gebou mei trije apsissen, droegen troch seis pilaren. De wite stien dy't by de bou brûkt waard wie fan hege kwaliteit en better danas de stien dy't by de lettere útwreiding ûnder grutfoarst [[Vsevolod III]] brûkt waard. Nettsjinsteande de seis relatyf smelle pylders fan de tsjerke eage it gebou hast kubusfoarmich (de lingte wie (sûnder de absissen) 22 meter, de breedte 17,5 meter en de hichte 21 meter). Wat de totale hichte oanbelanget (32,3 meter) koe de katedraal fan Vladimir meunsterje mei de Sofiakatedraal fan [[Kiev]] en de [[Sint-Sofiakatedraal (Novgorod)|Sofiakatedraal]] fan [[Veliky Novgorod|Novgorod]].
[[File:Dormition Cathedral ornament. Vladimir. Russia. Орнамент Успенского Собора. Владимир. Россия - panoramio.jpg|thumb|left|220px|''Muorredekoraasje'']]
De katedraal fan 1158-1160 waard dekorearre mei reliëfs mei soö-antropomorfe foarstellings. By de útwreiding fan de katedraal gyngen de measte reliëfs ferlern. De gevel waard fertikaal skieden troch pilasters mei Korintyske kapitelen en horizontaal troch twa nivo's fan friezen en arkades. Yn'e midden binne foarstellings fan de "Trije Jongelingen yn it Fjoer" (Sadrach, Mesach en Abednego), de "Himelfeart fan Aleksander III fan Masedoanje", de "Fjirtich Martlers fan Sebaste", mar ek liuwen en maskers fan frjouljusgesichten. Yn de tsjerke binne twa kapitelen út de jierren 1158-1160 mei twa lizzende liuwen dekorearre.