Huldrych Zwingli: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
Frysk
Rigel 63:
=== Earste Kriich fan Kappel ===
[[File:Historische Karte CH 1515.png|thumb|250px|left|''Oersjoch territoriale en politike sitewaasje fan Switserlân nei de Slach by Marignano yn 1515'']]
Zwingli sette ûndertusken prikken útein om in nij bûn op te setten fan protestantske stêden en doe't ek Bern de reformaasje ynfierde waard it protestantske ''Christliche Burgrecht'' oprjochte. De fiif katolike kantons Luzern, Uri, Schwyz, Unterwalden en Zug fielden harren omsingele en isolearre en sochten ek om in alliânsje, dy't foarm krige yn de ''Christliche Vereinigung'' mei Ferdinand fan Eastenryk op 22 april 1529. Al gau nei't it ferdrach fan de katolike alliânsje tekene wie waard de herfoarme preker Jacob Kaiser finzen nommen yn Uznach en terjochte steld yn [[Schwyz (stêd)|Schwyz]]. Zwingli reagearre poer en woe de katolike kantons militêr ôfstraffe. In delegaasje út Bern fielde dêr neat foar, benammen ek om't in oanfal op de katolike kantons ek in réaksje fan har oanbuorjende katolike steaten koe útlokke. Zürich naam dus allinne it foartou en brocht in leger fan 30.000 man by inoar. De fiif kantons waarden yn de steek litten troch Eastenryk en kamen net fierder danas 9.000 man. De Earste Kriich fan Kappel (''Erster Kappelerkrieg'') wie in feit en de legers kamen inoar by Kappel tsjin, mar einige sûnder slach om't in famyljelid fan Zwingli, Hans Aebli, in wapenstilstân foar inoar krige. Zwingli easke as betingst foar de wapenstilstân dat de katolike uny ûntbûn waard, dat de herfoarme prekers sûnder hinder tagong hiene ta de katolike kantonse, in herfoarming fan it pensioenstelsel en kompinsaasje foar de bern fan de fermoarde Jacob Kaiser. By de ûnderhannelings wie ek in ôffurdige fan Bern, en die spile it net sa skerp as Zwingli. Hja wiene it net iens oer it oplizzen fan de herfoarming fan it pensioenstelsel en ek it ûnbehindere preekjen yn de katolike kantons wie foar Bern net sa'n needsaak. De fiif katolike kantons ûnthieten allinne te brekken mei Eastenryk. De útkomst fan de ûnderhannelings foar de Earste Frede fan Kappel (''Ersten Kappeler Landfrieden'') wie foar Zwingli in bittere pil en liet sjen dat er oan politike ynfloer ferlear.
 
=== Twadde Kriich fan Kappel en de dea fan Zwingli ===