Domtsjerke fan Cefalù: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
Rigel 44:
== Ynterieur ==
[[File:Cefalu Cathedral interior BW 2012-10-11 12-07-53.jpg|thumb|200px|left|<center>''Ynterieur''</center>]]
Alhoewol't de katedraal yn de massive en ienfâldige foarmen in [[Romaanske arsjitektuer|romaansk]] bouwurk is, is fanôf de [[triomfbôge]] in begjin fan de ankommende [[Gotyk|goatyske]] moade te sjen. It dak fan it skip wie ea heger, itjinge oan de bûtenkant fan it skip te sjen is. It [[transept]] is heger danas it [[Skip (tsjerke)|skip]] en de sydskippen. In diel fan it gebou hat in [[tonferwulft]], oare dielen hawwe in houten dak of in stiennen [[ribferwulft]].
[[File:Meister von Cefalù 002.jpg|thumb|<center>''Ribferwulft''</center>]]
It ynterieur hat de foarm fan in [[latynsk krús]] en is ferdield yn in skip en twa sydskippen troch arkades fan antike pyldres: fjirtjin in rôze granyt en twa fan moarmer. De bases en [[kapiteel|kapitelen]] stamme út de 2e iuw. De twa kapitelen dy't de triomfbôge drage datearje wierskynlik út it midden fan de 12e iuw.