Hooverdaam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Frysk
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Hoover dam from air.jpg|thumb|300px|right|De Hoover Daam fanút de loft besjoen.]]
De '''Hooverdaam''' is in [[keardaam]] yn de [[Kolorado (rivier)|Kolorado Rivier]] ter hichte fan de [[Black Canyon]] (op de grins tusken de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] steaten [[Arizona]] en [[Nevada]]). De daam – dy't 48 kilometer súdeastlik leit fan [[Las Vegas (Nevada)|Las Vegas]] – is ferneamd nei [[Herbert Hoover]] dy't in tige wichtige rôl spile by de bou fan de daam, earst as Secretary of Commerce (Minister fan Hannel) en letter as [[presidint fan de Feriene Steaten]]. De Hoover Daam waard boud troch [[Six Companies|Six Companies Incorporated]], ûnder lieding fan [[Frank Crowe]]. De bou waard út ein set yn [[1931]] en einige yn [[1936]], goed twa jier earder danas de útrekkene datum. De eksploitaasje fan de daam wurdt dien troch it Bureau of Reclamation fan it U.S. Department of the Interior (it Ministearje fan Binnenlânske Saken).
 
It [[Opslachmar|wetterreservoir]] dat him efter de daam foarme hat, hjit [[Lake Mead]] en is neamd nei [[Elwood Mead]] dy't tafersjoch hâlde by de oanlis fan de daam.