Drait (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Alde Drait.jpg|thumb|right|275px|De Drait tusken wenwiken de Trisken en de Drait]]
[[Ofbyld:Makette Alddrait en Boarn.JPG|thumb|275px|Streamgebiet fan de Drait (boppe) en [[De Boarn]]. <br><small>Makette yn [[Museum Opsterlân]]</small>]]
[[Ofbyld:Nije Drait.JPG|thumb|275px|De [[Drachtster Feart]] (rjochts) komt by de [[Bûtenstfallaat]] yn de Nije Drait út]]
De '''Drait''', besteande út de '''Alddrait''' en de '''Nije Drait''', is in âld rivierke, súdeastlik fan [[Drachten]]. De oarsprong fan it yn de rin fan de jierren kanalisearre en bedike streamke leit by [[Koartehimmen]] yn it Koartehimsterfjild, en rint 4 km. troch nei de [[Smeliester Sân|Iester Sanning]]. It lêste ein tusken de Postbrêge en de Iester Sanning, dy de jachthaven en [[Bûtenstfallaat]] del, hjit '''Nije Drait'''. It wetter stiet yn iepen ferbining mei de Fryske boezum. De nammen ''Alde Drait'' en ''Nije Drait'' jilde sûnt 15 maart 2007 as de offisjele nammen, as ferfanging foar it eardere ''Oude Drait'' en ''Nieuwe Drait''.
 
Yn [[Prehistoarje|pre-histoaryske]] tiden wie de Drait in folle langerlangere stream dêr't it grutte, ûnûnderbrutsen, heechfeangebiet (ûntstien op de [[Pleistoseen|pleistosene]] grûnen nei de op ien nei lêste [[iistiid]]) eastlik fan Drachten, oant rûchwei [[Trimunt]] yn Grinslân, op ôfwettere. Op de hjirneist ôfbylde makette is te sjen dat de [[haadstream]] sa'n bytsje parallel oan it streamgebiet fan [[De Boarn]] rûn. De reade stippelline is de grins fan [[Smellingerlân]] mei [[Opsterlân.]] <ref> Kaart. 'Boven-Boorngebied. Rapport betreffende het onderzoek van het Lânskip-genetysk Wurkforbân van de [[Fryske Akademy]]'</ref>.
 
At de rekonstruearre haadstream fan de Drait op in topografyske kaart fan no lein wurdt, kin de rin frijwat sekuer omskreaun wurde. Op de makette begjint er noardeast fan [[Fryske Peallen]] oan de Skieding, krúst nei it súdwesten [[Oerterp oan de Feart|De Feart]] boppe Oerterp, rint oer yndustryterrein Azeven, krúst it [[Selmien]], bûgt dan noardlik fan [[Olterterp]] in bytsje nei it westen om dan yn it Koartehimsterfjild in skerpe draai nei it noardwesten te meitsjen en yn de Iester Sanning út te kommen.
 
De boppeste sydearm fan de Drait op de makette rint rûchwei fan it Oerterpsterfallaat dwers troch it sintrum fan hjoeddeisk Drachten, justjes besuden de lettere Drachster, om krekt besuden Bûtenstfallaat by de haadstream oan te sluten. De Noarder Drait (mei as oerbliuwsel de [[Burmaniasleat]]) wie de meast noardlike fan de njoggen sydtûken, mar dy falt bûten de makette.
 
== Namme ==