Hagia Sofia (Istanbûl): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
L fl
Rigel 86:
[[File:Sainte-sophie, a Constantinople.jpg|thumb|260px|<center>''De moskee yn 1857''</center>]]
==== Restauraasje 1857 ====
Under lieding fan de Switsersk-Italjaanske bruorren Gaspare en Giuseppe Fossati waard yn opdracht fan sultan Abdülmecid de Hagia Sofia tusken 1847 en 1849 restaurearre, dêr't sa'n achthûndert man oan wurken. De koepels en en gewelven waarden fersterke lykas ek de pylders. Tagelyk waard de dekoraasje yn en bûten de moskee renovearre. De mozaïeken yn de boppegalerij waarden bleatlein en skjin makke, mar ek wer bedutsen "om se te beskermjen tsjin fierdere skea". De âlde kandlers waarden ferfongen troch nije en ûnbidich grutte rûne buorden waarden oan de pylders hongen mei de nammen fan Allah, Mohammed, fjouwer kalifen en twa pakkesizzers fan Mohammed. Yn 1850 bouden de bruorren foar de sultan in nije loge yn neobyzantynske styl. De minbar en mihrab waarden ek renovearre en bûten waarden de minaretten renovearre en sa feroare dat se alle fjouwer deselde hichte krigen. Ek waard in nije madrasse boud. Doe't de renovaasje foltôge wie waard de moskee op 13 july 1849 wer iepene.
 
== Museum ==