Aletta Jacobs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L fl
Rigel 7:
Nei spesjale tastimming fan minister [[Johan Thorbecke|J.R.Thorbecke]] skreau sy har op 20 april 1871 yn by [[Ryksuniversiteit Grins]] oan'e fakulteit [[Genêskunde]]. Har dokterseksamen die se yn 1878 yn Utert en se promovearre op [[8 maart]] [[1879]] yn Grins.
 
Aletta Jacobs wie net de earst froulike studinte - dat wie inkele iuwen earder [[Anna Maria fan Schurman]] - mar wol de earste dy't mei sukses in universitêre stúdzje ôfmakke. Yn [[1877]] en [[1878]] lei sy har dokters eksamen ôf, dêr't sy de earst froulike dokter mei waard, en gong oan slach as dokter yn [[Amsterdam]] dêr't sy fergees sprekoere holde, kursussen joech en en it [[pessarium]] as [[Antykonsepsje|foarbehoedmiddel]] yntrodusearre.
 
Dernêst sette Jacobs har yn foar it [[frouljuskiesrjocht]]. Sy wie mei oprjochster fan de [[Ferieniging foar Frjouljuskiesrjocht]] yn [[1894]] en sûnt [[1903]] lanlik foarsitter. Ek wurke sy mei yn de [[Wrâldbûn foar Frouljuskiesrjocht]], dêr't sy namensbekindheid troch krige oer de hiele wrâld. Sy wie ek lid fan de [[Frijsinnich Demokratysjke Bûn]].