Dellebuorsterheide: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
L fl
Rigel 29:
Op de Dellebuorren sitte noch party [[amfibyen]] en [[reptilen]]. [[Heidekikkert]], libbenbaarjende hagedis en [[njirre]] libje hjir en ek de seldsume [[glêde slang]] oantroffen. Grutte stikken fan de Dellebuorsterheide binne drûch en begroeid mei [[biezemheide]]. [[Beikeheide]] foarmet der fraaie mozaïken. Mar ek wiete heide, mei in protte [[skrobberheide]] en [[seadsigge]], groeit hjir. [[Bûtergers]], in seldsum wurdende plant, bliuwt stânhâlden oan de foet fan de heuveltsjes. Oan de wat fochtige paden groeit it [[skieppeklokje]], in waardplant foar it frij seldsume en hjir foarkommende [[gintsiaanblautsje]]. Dêrneist komme op de heide brune fjoerflinter, grientsje en heideblautsje foar.
 
Op de Dellebuorren binne wol 27 soarten [[libellen]] oantroffen, dy't ûnder oare gebrûk meitsje fan heidefintsjes, lykas bygelyks de seldsume fine pânserjuffer. De boaiem fan de boskjes mei [[simmeriik]], [[bjirk]] en en grouwe din is benammen begroeid mei [[bjint]]. De boskgebieten kenne de gewoane sjongerkes, mar ek [[mûzefalk]] en [[hauk]] briede der, krektas de [[beampiper]] en de [[beamljurk]]. Oan de boskrânen en yn it strewel binne [[gielfink]], [[swartkieltsje]] en [[paapke]] te sjen. Ek de [[das]] wennet yn it boskgebiet, op de heechlizzende flank fan de Tsjonger.
 
== Behear ==