Angelen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L fl
Rigel 8:
Fan om-ende-by [[200]], oant likernôch [[440]], binne in protte Angelen tegearre mei de Saksen, Friezen en Juten nei Ingelân emigrearre. Dat by dat barren alle bewenners harren eardere wenplakken ferlitten hawwe, lykas troch letter boarnen neamd wurdt, is net wierskynlik. Blykber waarden Germanen troch de [[Romeinen]] as helptroepen (''foederati'') oanwurven, om it lân nei it tebeklûken fan de keizerlike troepe (410) tsjin de oerfallen fan de barbaarske [[Pikten]] te beskermjen.
 
It liket derop dat de Germaanske troepen dochs rillegau ûnôfhinklike hearlikheden stichten. De Angelen festigen harren benammen yn it easten ([[East Anglia]] yn de [[Greefskippen fan Ingelân|greefskippen]] [[Cambridgeshire]], [[Norfolk (greefskip)|Norfolk]], [[Suffolk]], dielen fan súdlik [[Lincolnshire]]) en en yn de 6e iuw lutsen sy ek nei it noarden oant yn [[Lothian (Skotlân)|Lothian]] ([[Skotlân]]) en stichten hja it keninkryk [[Deira]] yn [[Northumbria]]. De lânseigen befolking gie op yn it folk fan de Angelsaksen en waarden om [[600]] hinne tegearre oantsjut as ''Engle''. De namme [[Ingelân]] foar it súdeastlik part fan Brittanje is lykwols ôflaat fan Angelen. It [[Aldingelsk]], besibbe oan it Aldsaksysk, waard de basis foar it [[Ingelsk]].
 
Yn de tiid fan de oergong fan de [[Lette Aldheid]] nei de [[Midsiuwen]] begûn it [[kristenje]]n troch [[Augustinus fan Canterbury]]. De grutste stammen ferienigen harren úteinlik yn in 'ingelsk' keninkryk ûnder [[Egbert fan Wesseks]].