Kingmastate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 9:
De stins, dy't earst oantsjutten waard as ''Kinghum'', wie yn dizze tiid in saneamde rjochtfierende state yn it Aester Fiarndel fan Frjentsjerteradiel. Kinghum wie oer de dyk ferbûn mei Frjentsjer troch in brêge (Kingmatille), oer de trekfeart fan Harns nei Ljouwert, mei Winsum.
 
De state stie mei in [[opfeart]] yn ferbining mei de trekfeart. Lâns de opfeart rûn de oprydleane. It haadgebou stie mei de foarkant nei it easten (Sweins) oriïntearre en lei tusken in bosk oan de noardkant en en ferskate tunen, wêrûnder in binnentún en in kokentún.
 
Mids [[19e iuw]] ferstoar de lêste bewenner fan de Kingmastate, Julius Mathijs fan Beyma. De state waard by opbod ferkocht en dêrnei ôfbrutsen. De grûn dêr't it op stie waard ôfgroeven.