Ferskil tusken ferzjes fan "Taiboksen"

4 bytes lytser ,  4 moannen lyn
L
fl
L (fl)
 
 
== Beskriuwing ==
Krektas de bokser syn tsjinstanner k.o. slacht mei mei syn fûsten is dit de taibokser ek mei de skonken tastien. Trapen kinne nei de holle en lichem en boppeskonk makke wurde. Foaral de saneamde "[[low kick]]s", dy't op de boppeskonkspier belanje, hawwe in bysûnder effektive en ek wol pynlike útwurking. By werhelle kontakt kin de taibokser net op de skonken stean bliuwe en moat hy bytiden belies jaan.
 
In oar ferskil mei it boksen is it saneamde "clinchen". Wurde by it normale boksen de fjochters skieden op it momint dat hja elkoar om samar te sizzen "omearmje", by it taiboksen is it ek tastien om de tsjinstanner mei de knibbel of earmtakke te bewurkjen en sa mooglik mei judowoarpen tsjin it kanvas te goaien. Al mei al freget dizze sport in protte trening fan de beoefener, eardat der oan wedstriden meidien wurde kin. In soad minsken dogge dizze sport dêrom allinnich rekreatyf, it wedstrydelemint is mar foar in lytse groep wei lein.(boarne: inpa kai muay)
11.670

bewurkings