Mahabharata: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 28:
It '''''Mahabharata''''', yn it oarspronklike [[Sanskryt]]: '''महाभारत''', sekuerdere transliteraasje: '''''Mahābhārata''''' (útspr.: /məhɑːbʱɑːrət̪ɑ/), is ien fan 'e beide grutte [[epysk gedicht|epyske gedichten]] fan it [[hindoeïsme]] (it oare is it ''[[Ramayana|Rāmāyaṇa]]''). It is fierwei it langste Sanskrityske epos, en bestiet út mear as 200.000 dichtregels. It is gearstald fan 'e [[5e iuw f.Kr.|fyfde iuw f.Kr.]] oant de [[fjirde iuw|fjirde iuw n.Kr.]], en wurdt tradysjoneel taskreaun oan 'e wize [[Vyasa|Vyāsa]]. It ''Mahābhārata'', dat oerset wurde kin as it "Grutte Ferhaal fan 'e Bhārata-dynasty", beskriuwt de [[Kurukshetra-oarloch]] en it lot fan 'e rivalisearjende [[Pandava's|Pandava]]- en [[Kaurava's|Kaurava]]-prinsen, dy't inoar it bewâld oer it [[Kuru-Ryk]] bekreauwe, mar giet dêrnjonken ek djip yn op [[teology]]ske en [[filosofy]]ske kwestjes.
 
Mank de wichtichste ferhalen dêr't it ''Mahābhārata'' út opboud is, binne ek de ''[[Bhagavad Gita|Bhagavad Gītā]]'', it ferhaal fan [[Damayanti]] (dat in ferkoarte ferzje fan it ''Rāmāyaṇa'' is) en de ''[[Rishyasringa|Ṛṣyaśṛṅga]]'', dy't alletrije frij algemien beskôge wurde as masterwurken op harsels. Behalven yn it hindoeïsme nimt it ''Mahābhārata'' ek in wichtich plak yn yn it [[boedisme]], it [[jaïnisme]] en it [[sikhisme]]. It is ien fan 'e hoekstiennen fan 'e kultuer fan [[Yndia]] en [[Nepal]] en teffens fan boedistyske [[Súdeast-Aazje|Súdeastaziatyske]] lannen lykas [[Burma]], [[Tailân]], [[Laos]] en [[Kambodja]], en sels fan it sûnt iuwen [[islam]]ityske [[Yndoneezje]] en [[Maleizje]]. Kwa belang foar de wrâldliteraruer wurdt it ''Mahābhārata'' geregeld yn ien sike wei neamd mei meide [[Bibel]], de [[Koaran|Koraan]] en de wurken fan [[Homêros]] en [[Shakespeare]].
 
== Opbou en oarsprong ==