Fan (persoan): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
dêrfoar hoege we net nei Argentynje
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Rock en Parque Roca (6796076495)SC-Heerenveen-supporters.jpg|thumb|250px|Fans by in resit ynfan [[BuenosSC AiresIt Hearrenfean]], [[Argentynje]](2004)]]
In '''fan''', op it mêd fan [[sport]] ek wol in '''supporter''' neamd, is in persoan dy't entûsjast tawijd is oan eat of immen, lykas in band, in sporttiim, in sjenre (bgl. [[science fiction]]), in [[boek]] of in persoan dy't wurksum is yn 'e [[entertainment]]yndustry (in [[sjonger]], [[akteur]], [[komyk]], ensfh.). Mei-inoar foarmje de fans fan sa'n groep, ding of persoan in '''''fanbase'''''. It ferskynsel fan fans en al harren aktiviteiten wurdt ek wol oantsjut as it [[fandom]]. Dy aktiviteiten rinne útinoar fan it skriuwen fan [[fanmail]], it promoatsjen fan harren entûsjasme oan lju dy't (noch) gjin fans binne, it organisearjen fan [[fanklub]]s en [[fankonvinsje]]s. Ek kreätyf wurk, lykas it gearstallen fan in ''[[fanzine]]'', it skriuwen fan [[fanfiksje]] en it tekenjen of skilderjen fan [[fankeunst]] heart hjirta. Fans foarmje gauris in eigen [[subkultuer]] binnen in maatskippij.