Peter III fan Ruslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
 
Rigel 12:
== Bûtenlânske polityk ==
Peter waard tsaar op in stuit dat Ruslân yn de [[Sânjierrige Oarloch]] ferwikkele wie. De oarloch ferrûn ûnder keizerin Elizabeth foar Ruslân goed, mar op it stuit dat de striid tsjin Prusen hast beslist wie, ferstoar Elizabeth. Troanopfolger Peter wie in grut bewûnderer fan [[Freark II fan Prusen|Freark II fan Prusen]] en hy liet nei de troansoerdracht fuort de troepen werom lûke; de pro-Prusyske keizer soarge foar in fredesferdrach en it grûngebiet dat Ruslân op Prusen ferovere hie joech er werom sûnder dêr wat foar werom te freegjen. De eardere fijân fan Ruslân krige fan tsaar Peter it útstel om in alliânsje te foarmjen en sa waard Prusen ûnder de nije tsaar ynienen in bûnsmaat. Dêrmei feroaren de ferhâldings yn Europa dramatysk. Tagelyk makke de "Dútske" tsaar mei dat ferspyljen fan russyske belangen fijannen yn it Ryk.
Fuort dêrnei besocht er as hartoch fan Holstein-Gottorp Denemark de oarloch te ferklearjen om sa ferlerne dielen fan Sleeswyk wer by it hartochdom te foegjen. Yn Ruslân waard dy kriich troch mannichein as ûnpatriotysk sjoen, want wat wie it russyske belang yn in kriich mei Denemark? De Russyske troepen waarden yn [[Pommeren (streek)|Pommeren]] al mobilisearre, ree om de kriich tsjin Denemark te begjinnen as it lân him de gebieten net werom joech op de op 1 july 1762 te hâlden konferinsje yn [[Berlyn]]. Peter ferlear lykwols de troan, noch ear't de konferinsje oer de kwestje Sleeswyk yn Berlyn behannele wurde koe.